Karlsson fan it dak – Astrid Lindgren

13,50

Boekje is in het Fries

Artikelnummer: ISBN 9789493159129 Categorieën: , ,

Beschrijving

It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn ‘e buert is, hoechst dy noait te ferfelen! Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy’t oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dizze bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!

 

Pagina’s 112

Beoordelingen

Er zijn nog geen beoordelingen.

Wees de eerste om “Karlsson fan it dak – Astrid Lindgren” te beoordelen

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.